Wolkom op de ynternetside fan Amateur Radio Stasjon:

Ik bin yn april 1981 slagge foar de doetiidske D-machtiging en makke as PD0LQD de seis D-frekwinsjes ûnfeilich.
In jier letter slagge ik foar de C-machtiging en krige fan de doetiidske, HDTP, de ropletters PE1IIS.
Myn apparatuer haw ik ynboud yn in kast yn de hoeke fan ús húskeamer.
Mei de A-machtiging hie ik wat mear muoite, mar nei 3 kear besykjen, slagge ik ek foar dit eksamen yn april 1983.
De útdieler fan ropnammen tocht grif dat ik wol wend wie oan de dûbele india's yn de call, dus joegen sy my PA3DII.
Sels jo ropletters útsykje woe doe noch net oan de oarder.
Dizze ropnamme brûk ik oan't no ta noch altyd mei in soad plezier.
Mei tank oan
myn frou Joca dy 't hjirtroch net sa folle mooglikheden hat om de keamer te feroarjen en altyd mar dat geeamel op de eftergrûn oanhearre moat.